Brabanners oppakt foar ynbraak

27 nov 2009 - 10:07

Trije ynwenners fan Tilburch binne oanhâlden foar in ynbraak dy't se yn 2008 diene by in autobedriuw oan de Skrynmakker op It Hearrenfean. De manlju fan 19, 20 en 39 jier hellen twa klûzen leech. In befeiliger ûntduts de ynbraak, mar koe de dieven net oanhâlde.

De bylden fan 'e stellerij wiene te sjen by Opsporing Gezocht en Dadergezocht.nl. Nei oanlieding fan tips koene de trije Tilburgers oanhâlden wurde. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)