Foarwei wurdt feiliger

27 nov 2009 - 09:02

De Foarwei yn Kollumersweach wurdt in stik feiliger. De gemeenteried hat tongersdei in beslút naam om de trochgeande dyk oan te pakken.

De wei wurdt smeller en foar de fytser komme der ek oanpassings om it feiliger te meitsjen. Dat bart ûnder oare troch it weiheljen fan de stoepen en it plantsjen fan 85 beammen en in lange hage. Der komme mear ljochten foar de fytsers. De oanpak is yn oerlis mei de bewenners en de gemeente Kollumerlân ynfuld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)