Mear útlis oer opstappen Omrin

26 nov 2009 - 23:58

Wethâlder Boersma sil de gemeenteried fan Dongeradiel better ynformearje oer it beslút út Omrin te stappen. Tongersdeitejûn wie op fersyk fan it CDA in spoeddebat oer it kolleezjebeslút.

Guon partijen wolle mear witte oer mooglike risiko's fan it net langer oanleverjen fan ôffal oan Omrin. De wethâlder hat tasein in notysje te skriuwen mei mear ynformaasje oer dit soart saken. Dêrnei wol er yn debat mei de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)