Lêste dei faksinaasje gryp

It is freed de lêste dei fan de grutte faksinaasjekampanje tsjin de Meksikaanske gryp. Yn Ljouwert wurde goed 5800 bern tusken de seis moanne en fjouwer jier ferwachte foar in prik. Húsgenoaten fan bern jonger as seis moanne kin ek yninte wurde.
Mei-inoar binne in lytse 42.000 Friezen oproppen. Sa't it no liket, hat trijekwart in prik helle. Minsken dy't ien helle hawwe, wurde oer twa wike opnij ferwachte foar in twadde yninting.