F16's oefenje boppe NW-Fryslân

26 nov 2009 - 22:32

De loftmacht oefenet nije wike tiisdei, woansdei en tongersdei boppe Noardwest-Fryslân. F16's fan ferskate NAVO-lannen sille dan tusken njoggen oere moarns en tsien oere jûns boppe it gebiet fleane.

De oefening is bedoeld foar it oplieden fan saneamde Forward Air Controlers. Dat binne militêren dy't fan de grûn ôf piloaten fertelle moatte wêr't de militêre doelen binne. De F16's fleane minimaal op in kilometer hichte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)