Opfang Ljouwert ûnder druk

De maatskiplike opfang yn Ljouwert stiet ûnder druk troch besunigings. Om't der mear jild nei de grutte stêden giet, kin de gemeente Ljouwert de kommende jierren 2,2 miljoen euro minder útjaan oan de opfang.
Neffens opfangorganisaasje Limor moatte de ferskillende organisaasjes mear gearwurkje en oplossings betinke. Troch de besunigings is der minder jild foar preventive maatregels. Dêrtroch komme wer mear minsken yn de opfang.