Fernuvering oer Fryske hâlding

Deputearre Marc Jager (CDA) fan 'e provinsje Grinslân
Deputearre Marc Jager fan Grinslân is fernuvere oer it beslút fan Deputearre Steaten yn Fryslân om gjin CO2-opslach ta te stean yn Fryske grûn. De opslach fan CO2 soe goed wêze tsjin de opwaarming fan it klimaat.
Oer dit soarte fan saken hat it Ryk mei de trije noardlike provinsjes en Noard-Hollân earder al ôfspraken makke. In wurdfierder fan Ekonomyske Saken lit witte fraachtekens te setten by it Fryske beslút net mei te wurkjen oan it opslaan fan CO2.