Adellike begraffenis Waaksens

26 nov 2009 - 17:03
  • De tsjerke fan Waaksens (D)

By it tsjerkje fan Waaksens yn Dongeradiel wurdt freed wer in adellik famyljelid fan de famylje Van Harinxma thoe Slooten begroeven. It giet om baron Douwe Jan Andries Van Harinxma thoe Slooten.

De lêste kear dat it barde wie yn 1885. It âlde St. Thomas-tsjerkje wurdt no hast net mear brûkt foar tsjinsten. De tsjerklike gemeente telt noch mar acht leden. Douwe Jan Andries baron Van Harinxma thoe Slooten ferstoar op 20 novimber yn Vleuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)