Krityk PvdA op OV-Chipkaart

26 nov 2009 - 16:43

Provinsjes, gemeenten en iepenbier- ferfiersmaatskippijen moatte bettere ôfspraken meitsje oer de OV-Chipkaart. Dat fynt de PvdA yn de Twadde Keamer.

Yn elke provinsje wurde oare bedraggen foar de kaart rekkene en dat soarget foar betizing, seit de partij. Ek rinne de ferskate aksjes net gelyk yn alle provinsjes. Sa jout de iene provinsje koarting oan de âlderein en de oare oan de jeugd. De PvdA hat steatssikretaris Tineke Huizinga fan ferkear derop oansprutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)