9 moanne sel yn saak Junokade

26 nov 2009 - 14:13

In 21-jierrige Ljouwerter is tongersdei troch de rjochtbank ta ien jier sel wêrfan trije moanne ûnder betingst feroardiele. Fierder mei de man in jier net autoride. Hy botste op 31 july op de Junokade yn Ljouwert op in motorrider dy't dêrby omkaam.

De Ljouwerter is frijsprutsen foar it feroarsaakjen fan it ûngelok. Hy is feroardiele foar it riden ûnder ynfloed fan kannabis en sûnder jildich rydbewiis, foar it trochriden nei in ûngelok en foar mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)