Cambuur wol perioadetitel

26 nov 2009 - 13:15

Cambuur giet freed op jacht nei de perioadetitel. By winst op FC Zwolle is de earste priis fan it seizoen binnen foar de Ljouwerters.

Cambuur mist moarn Kevin Diaz en Nuelson Wau. Sy binne beide siik. It liket derop dat Paul Beekmans werkomme sil yn de basis. Cambuur begjint nei alle gedachten mei in 4-4-2 opstelling. Nassir Maachi en Mark de Vries sille de oanfal foarmje. Cambuur hat sûnt 2005 net mear wûn yn Zwolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)