Provinsje wol gjin CO2-opslach

26 nov 2009 - 12:03
  • Deputearre Adema

De provinsje wol gjin opslach fan CO2 yn de Fryske grûn. It Ryk makke koartlyn bekend Noard-Nederlân te sjen as proefgebiet foar dy opslach. Fryslân kin him dêr net yn fine, de provinsje fynt dat it broeikasgas opslein wurde moat yn de gebieten dêr't it ek produsearre wurdt.

Dat is net yn Fryslân, hjir wurdt krekt besocht om de útstjit fan CO2 te beheinen. Neffens de provinsje soe it wol yn Grinslân en Drinte kinne. It is úteinlik it Ryk dat beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)