LC wol mear radio en ynternet

De Ljouwerter Krante
De Ljouwerter Krante wol tenei mear ynsette op it ynternet en op de radio. Dat seit haadredakteur Hans Snijder. It idee om te kommen mei regionale kommersjele televyzje liket earst fan 'e baan. Dat stiet yn it rapport 'Meer dan een krant', dat tongersdei oan de redaksje foarlein wurdt.
De LC wol dat foaral regionaal nijs sa gau mooglik op de site pleatst wurdt. Ek sil nijs in prominint plak yn de útstjoerings fan Waterstad FM krije.