Kij dea by oanriding

26 nov 2009 - 11:29

In ynwenner fan Oranjewâld hat woansdeitenacht op de A7 by Marum fjouwer kij oanriden. Dy wiene nei alle gedachten ûntsnapt út in stik greide en rûnen op de dyk. De kij hawwe de oanriding net oerlibbe.

De automobilist rekke licht ferwûne en koe op it plak sels behannele wurde. Syn auto rekke swiere skansearre. De A7 hat by Marum hat in skoft ôfsletten west fanwege de oanriding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)