IIsbaan Harns earder ticht

26 nov 2009 - 11:24
  • Grote Bredeplaats wer iisfrij

De tydlike keunstiisbaan oan de Grote Bredeplaats yn Harns is woansdei opdûkt. De baan soe der oant en mei snein lizze, mar fanwege problemen mei de apparatuer moast er woansdei al sletten wurde. Yn it wykein waard der noch folop riden op it keunstiis, mar sneintenacht foel it aggregaat út.

Mei troch de hege temperatueren en it reinwetter, wie it iis bot teid. Yn de nacht fan moandei op tiisdei hold it aggregaat der wer mei op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)