Dokkumer feroarsaket botsing

26 nov 2009 - 10:17

In 48-jierrige Dokkumer is woansdei oppakt omdat er trochriden wie nei it feroarsaakjen fan in oanriding. De man wie op de Mûnewei by Paezens tsjin in oare auto oankaam en ried dêrnei gewoan troch.

De frou dy't de oare auto bestjoerde, swaaide fuortendaliks en ried achter de Dokkumer oan. Se fûn syn auto in eintsje fierderop en belle de plysje. Doe't dy kaam, ûntdutsen se dat de man tefolle drank op hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)