CDA lulk op kolleezje Dokkum

25 nov 2009 - 22:58

It beslút fan Dongeradiel om út Omrin te stappen is op in ferkearde wize naam. Dat fynt it CDA yn de gemeenteried. Boargemaster en wethâlders seine it kontrakt op sûnder dat oan de ried foar te lizzen. Yn de gemeentewet stiet dat dat by it opsizzen fan kontrakten ek net hoecht, mar it CDA tinkt dêr oars oer omdat Omrin mooglik mei skeakleems komt.

It CDA wol dat it beslút weromdraaid wurdt, sadat de ried der dochs noch oer beslute kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)