Skoalle wol needlokaal hâlde

25 nov 2009 - 20:13

De Sint Ludgerusskoalle yn Warkum wegeret ien fan syn needlokalen ôf te brekken. De skoalle hat opdracht krigen it gebou foar septimber fuort te heljen. De groep dy't gebrûk makket fan it lokaal soe neffens de gemeente yn it fêste gebou fan de skoalle ûnderbrocht wurde kinne.

Neffens de skoalle is de ferhuzing net mooglik omdat yn it lokaal ek de bûtenskoalse opfang sit. It lokaal soe dan alle moarnskoften opnij ynrjochte wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)