Oerlêst byb op It Fean oanpakt

25 nov 2009 - 17:15

In groep jongeren soarge wikenlang foar oerlêst yn de biblioteek op It Hearrenfean. De oerlêst bestie út stuollen ferniele, mûzen stelle en tefolle leven meitsje. Wat de meiwurkers ek diene, neat holp.

Yn oerlis mei de plysje binne hurdere maatregels naam. Sa is in tal fan de jongeren in jier lang net mear wolkom yn de byb. Dêrtroch is de rest fan de groep ek wer rêstich. Fierder moatte se har ID toane as se fergees ynternette wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)