Yad Vashem ûnderskiedings

Twa Fryske hûshâldens ha woansdei yn Den Haach in Yad Vashem ûnderskieding krigen. De ûnderskieding is foar minsken dy't yn de oarloch holpen ha om Joaden út hannen fan de Dútsers te hâlden.
Ien fan de ûnderskiedingen wie foar Jan Spiekhout en syn âlden Durk en Froukje út Ljouwert. Hy soarge foar ûnderdak foar it gesin fan Dr. Arnold van Kreveld. Dy wie natuerkundige op it suvelfabryk yn Ljouwert. DirkJan Spiekhout is de soan fan Jan Spiekhout.