Grutte oarder foar Nagelhout

25 nov 2009 - 12:42
  • Stielboubedriuw mei stiel leverje foar sikehûs Rotterdam

Stielboubedriuw Nagelhout fan Bakhuzen hat in grutte oarder binnenhelle. It bedriuw mei stiel leverje foar de bou fan it Erasmus Medisch Centrum yn Rotterdam. By dat nije sikehûs komt ûnder oare in toer fan 120 meter heech. Meielkoar is foar it folsleine gebou fjouwertûzen ton stiel nedich.

De oarder is in moaie opstekker foar it bedriuw. Twa jier lyn gie Nagelhout hast fallyt. No is der wurk oant en mei 2017.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)