Somber oer arbeidsmerk

Fral yn de bou falle klappen
Takom jier ferdwine tûzenen banen yn Fryslân. Dat docht bliken út in rapport oer de noardlike arbeidsmerk. De delgong is dit jier noch minimaal, mar takom jier fernimt de Fryske arbeidsmerk de gefolgen fan de ekonomyske krisis echt.
Yn it Noarden wurde 22.000 banen skrast. Benammen yn de bousektor falle klappen. Oer sa'n 5 jier wurde bettere sifers ferwachte. Dan soene troch de fergrizing wolris mear banen as minsken yn Fryslân wêze kinne.