Jild foar pineholleklinyk
De pineholleklinyk yn Dokkum krijt in subsydzje fan 150.000 euro fan de provinsje. It jild is bedoeld om it nivo fan de foarsjennings yn Noardeast-Fryslân heech te hâlden. De klinyk is ûnderdiel fan soarchgroep Pasana. Dy wol it jild brûke om wittenskiplik ûndersyk te dwaan nei behannelmetoades. It tal meiwurkers giet fan 12 nei 20.
By de klinyk steane 1100 minsken op de wachtlist.