Bysûndere skulp op Skier

25 nov 2009 - 10:47

Thijs de Boer fan it Skulpemuseum op Skiermûntseach hat in bysûndere, linksdraaiende hulk fûn op it strân fan it eilân.

In hulk is de skulp fan in slak dy't wol gauris op de Waadkust fûn wurdt. Gewoanwei draait de hulk rjochtsom en sit de iepening rjochtsûnder. By dizze is dat krekt oarsom. Neffens De Boer giet it om in seldsumheid. Yn de 40 jier dat er skulpen siket, hat er noch nea sa'n ien fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)