Fia it dak ynbrutsen

25 nov 2009 - 10:14

By twa winkels yn Harns is tiisdeitenacht fia it dak ynbrutsen. It giet om winkels oan de Kimswerderwei. Mei in plysjehûn is de omjouwing fan de winkels ôfsocht, mar de ynbrekkers wiene al fuort.

Nei ûndersyk die bliken dat de dieders it dak iepenknipt hiene en sa nei binnen koene. It is noch ûndúdlik oft der wat stellen is. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)