Sieraden stellen op De Jouwer

In frou (82) fan De Jouwer is tiisdei berôve troch in ûnbekende frou dy't har foar de gek hâlde. De frou belle oan by it hûs fan de âldere frou yn de Midstrjitte. Se begûn in ferhaal oer lekkaazje en frege oft se binnen sjen mocht. De twa giene doe nei binnen, wylst de foardoar iepen bleau. Neidat de ûnbekende frou fuortwie, ûntduts de Jouster dat in tal fan har sieraden stellen wie.
De plysje warskôget foar sokke fage ferhalen.