Mes stekynsidint fûn

It ûndersyk nei it stekynsidint yn Stynsgea is klear. By dat ynsidint rekke in man (22) út Surhuzum sneontenacht ferwûne. It mes koe net fûn wurde. De plysje frege ynwenners fan Stynsgea om it mes op te spoaren, mar fûn it tiisdei sels.
In ynwenner (24) fan De Westereen is sneontenacht oanhâlden as fertochte. Hy waard lestich fallen troch meardere minsken. Hy fersette him mei in mes. Nei ferhoar liet de plysje him frij. Mooglik wurde der noch stappen naam.