Nij materieel stoomtreinklup

Foarsitter Max Kooijmans op de nije disellokomotyf
De Friese Stoomtreinmaatschappij hat nij materiaal krigen. Twa rydtugen út de sechstiger jierren binne skonken troch it Spoorwegmuseum yn Utert. Fierder koene fjouwer âlde Intercity's fan de NS oernommen wurde en in disellokomotyf. Dêrmei hat de Friese Stoomtreinmaatschappij har materieel folslein. De stoomtreinmaatskippij wol de lokomotyf brûke foar it ranzjearjen.
Takom jier moat de stoomtrein tusken Snits en Starum ride. Der binne al 250 frijwilligers.