Meubelman bêste ûndernimmer

25 nov 2009 - 08:08

Eric Dijkstra fan meubelwinkel Gooi Design yn It Hearrenfean hat tiisdei de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden wûn. Neffens de sjuery hat Dijkstra in dúdlike fyzje op syn winkelformule, de organisaasje en design.

Dijkstra syn kwaliteiten as ûndernimmer binne better as dy fan de oare dielnimmers, Remco de Rooij fan Triangle Studios út Ljouwert en Peter van Eijl fan Doppio Espresso fan De Jouwer. De Rooij wûn de publykspriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)