OZB net omheech foar spoar

De OZB yn Smellingerlân giet net mei 20 prosint omheech om de oanlis fan it spoar tusken It Hearrenfean en Grins te beteljen. De gemeenteried hat dit foarstel fan it kolleezje tiisdeitejûn keard.
Smellingerlân moat no de kommende jierren yngripend snije yn de begruttingen om it spoar mooglik te meitsjen. It projekt kostet 730 miljoen euro dy't opbrocht wurde moat troch Ryk, provinsje en gemeenten. Smellingerlân moat 24 miljoen betelje.