Lek wetterlieding De Jouwer

25 nov 2009 - 06:51

De omjouwing fan De Jouwer hat woansdeitemoarn sûnder wetter sitten troch in lek yn de wetterlieding lâns de Geert Knolwei yn De Jouwer.

Monteurs fan wetterbedriuw Vitens hawwe it lek tichtmakke. Krekt nei healwei achten siet der wer druk op de lieding en koene ynwenners fan De Jouwer, Sint Nyk en Langwar wer wetter út de kraan krije. De oarsaak fan it lek is ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)