'Omrop Hollânsk by ramp'

Omrop Fryslân Radio soe yn it gefal fan in ramp yn it Hollânsk útstjoere moatte. Dat fynt minister Plasterk fan Mediasaken. Plasterk sei dit tiisdei yn in debat yn de twadde keamerkommisje oer de takomst fan de regionale omroppen. Twa wike lyn kaam der in ynsidint by it suvelfabryk yn Dronryp salpetersoer frij. Omrop Fryslân waard dêrop troch de brânwacht ynskeakele as rampestjoerder.
Dêrby waard de berjochtjouwing yn it Frysk en yn it Hollânsk dien.