Mear besikers Kameleoneilân

24 nov 2009 - 22:48

Der moatte mear besikers nei it Kameleoneilân by Terherne komme. Dat wolle de nije behearders fan it eilân by Terherne. Op it Kameleoneilân kinne bern en folwoeksenen allegear aktiviteiten dwaan. Om't it eilân wat fierder by Terherne wei leit, sloegen minsken it gau oer, mar troch noch mear aktiviteiten oan te bieden, moat dat feroarje.

Sa komt de rûnfeart troch it gebiet werom en wolle de behearders lesjaan oan basisskoallebern en studinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)