Reklamebelesting foar S'fean

24 nov 2009 - 22:46
  • De Feanster toer

Undernimmers yn it sintrum fan Surhústerfean moatte yn de takomst reklamebelesting betelje. Dat hat de gemeenteried besletten. Alle goed 100 ûndernimmers betelje jierliks in fêst bedrach. De opbringsten dêrfan, sa'n 40.000 euro, komme yn in ûndernimmersfûns en wurde brûkt foar aktiviteiten lykas de yntocht fan Sinteklaas en de feestferljochting.

Foarhinne betellen allinne de leden fan de ûndernimmersferiening mei oan de promoasjeaktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)