Sechsde oerwinning Aris

De Friesland Aris hat tiisdeitejûn de thúswedstriid tsjin Landstede Zwolle mei 89-75 wûn. It is foar de Ljouwerter basketballers de sechsde oerwinning op tolve wedstriden. It publyk yn sporthal It Kealledykje seach net in bêste wedstriid. Healwei stie Zwolle noch ien punt foar: 42-43. Yn it tredde kwart waard it 64-61 foar Aris. De ploech fan Pete Miller makke yn de lêste tsien minuten dien wurk tsjin de nûmer lêst fan de kompetysje.
Aris stiet no op it fiifde plak.