Plakette foar Hotze de Roos

24 nov 2009 - 16:36

Langsweagen stie tiisdei stil by it feit dat hûndert jier lyn skriuwer Hotze de Roos yn it doarp berne is. De Roos is ferneamd troch it grut tal Kameleonboeken. Mei in plakette en in tentoanstelling wurdt dêr omtinken oan jûn.

Tiisdeitemiddei is de plakette by De Roos syn bertehûs ûntbleate troch boargemaster Ravenstein fan Opsterlân. In wurkgroep hat derfoar soarge dat de plakette der kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)