Sel Roemenen foar ramkreak

24 nov 2009 - 16:30

De rjochtbank yn Alkmaar hat fjouwer Roemenen selstraffen fan 27 moanne oant 4 jier oplein. It giet om in groep ramkreakers, dy't yn febrewaris op 'e die betrape waard by in ramkreak op in drogisterij yn Wolvegea.

De plysjes fûnen de mannen fertocht en folgen har. Direkt nei't de Roemenen mei geweld de gevel fan de winkel ynrieden en de manlju guod stellen hiene, binne se oanhâlden. De mannen, 20 oant 34 jier, hiene yn totaal sân ramkreaken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)