MS-sintrum yn MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert iepenet op 1 desimber in MS-sintrum. Doel fan it sintrum is om safolle mooglik kennis oer Multiple Sclerose te bondeljen om pasjinten sa better te helpen.
Yn it sintrum wurket in team fan spesjalisten oan de diagnoaze en behanneling fan de pasjinten. It giet om in neurolooch, in ferpleechkundich konsulint, in maatskiplik wurker, in neuropsycholooch en in revalidaasje-arts. Pasjinten moatte sa alle soarch op ien plak krije kinne.