Sel easke tsjin fjochtersbaas

24 nov 2009 - 16:12

Tsjin in 19-jierrige ynwenner fan Surhústerfean is tiisdei in finzenisstraf fan 2,5 jier, mei seis moanne ûnder betingst, easke. Ek moat er ûnder elektroanysk tafersjoch komme.

De jongeman wurdt fertocht fan it besykjen ta deaslach. Dat barde op in feest nei ôfrin fan de profronde dizze simmer yn Surhústerfean. Op in parkearplak ûnstie slaanderij en waard it slachtoffer, in oare feestfierder, tsjin de holle skopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)