Digitaal âlderportaal De Trime

24 nov 2009 - 16:04

Basisskoalle De Trime yn Beetstersweach is begûn mei in saneamd digitaal âlderportaal. Heiten en memmen kinne fia it ynternet de foarderings fan har bern byhâlde. Alle âlden ha in eigen ynlogkoade krigen. Sa kinne se bijgelyks it rapport fan har bern opfreegje.

Dêrneist jout it âlderportaal de mooglikheid om adres en oare wizigings oan de skoalle troch te jaan. De Trime is dêrmei de earste basisskoalle yn Opsterlân mei sa'n foarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)