Twadde faksinaasjedei GGD

24 nov 2009 - 15:54

De GGD Fryslân hat tiisdei yn Frjentstjer, Burgum en op De Jouwer faksinaasjes tsjin de Meksikaanske gryp útdield oan jonge bern en famyljeleden fan jonge poppen. Sa'n 7800 minsken binne oproppen foar de twadde faksinaasjedei.

Moandei waard in opkomstpersintaazje helle fan sa'n 70 persint. In wurdfierdster fan de GGD ferwachtet foar tiisdei in selde opkomst. Grutte problemen hawwe har net foardien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)