Keatswebside by Tresoar

Tresoar lansearret dizze wike in nije webside. Kaatshistorie.nl wurdt in site mei allerhande byldmateriaal en filmfragminten fan keatspartijen. Sa'n 2500 foto's binne op de site te finen en ek beweegjende bylden fan bygelyks âlde PC's en oare klassike partijen.
De nije webside wurdt tongersdei offisjeel presintearre mar is no ek al te besjen. It is in inisjatyf fan it keatsmuseum yn Frjentsjer en Tresoar. Doel fan de gearwurking is it better bewarjen fan bysûnder argyfmateriaal.