NE-Fryslân siket gearwurking

Foudgum, ien fan de doarpkes yn NE-Fryslân
Noardeast-Fryslân sil gearwurkje mei Meetjesland, in plattelânsregio yn Belgysk Flaanderen, grinzjend oan Sieusk-Flaanderen. Noardeast-Fryslân en Meetjesland sille oan trije saken wurkje. It earste tema giet oer it behâld fan jongeren foar de regio. Beide hawwe te krijen mei fergrizing.
Se wolle ek gearwurkje yn de oanpak fan ferpaupering en leechsteande gebouwen. It tredde tema giet oer de lanlike ekonomy en de fraach hoe't in regio goed op de kaart set wurde kin.