Pabo foar 3-talich ûnderwiis

24 nov 2009 - 13:20
  • Spesjale oplieding foar trijetalige skoalle

De NHL en de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert komme mei in nije Pabo-oplieding foar trijetalige juffers en masters. Yn Fryslân binne der hieltyd mear basisskoallen dy't bern njonken it Nederlânsk en Ingelsk ek it Frysk leare. Mar studinten fan de Pabo wurde net yn dy meartalichheid oplaat.

De takomstige leararen kinne aanst nei trije jier kieze foar de trijetalige rjochting. De hegeskoallen wurkje gear omdat de doelgroep te lyts is om mei-elkoar te konkurrearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)