Proses-ferbaal skieppehanneler

24 nov 2009 - 13:03

De Algemiene Ynspeksjetsjinst hat proses-ferbaal opmakke tsjin feehanneler Hoekstra fan Marrum. Neffens de AID falt him de dea fan 23 skiep te ferwiten. Hy soe neilitten hawwe de skiep fuort te heljen doe't it seewetter oer de simmerdyk by it Noarderleech by Ferwert kaam.

Yn it wykein fan 3 en 4 oktober ferdronken 23 skiep, om't se net op 'e tiid fuortkomme koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)