Seilmakkerij De Vries fallyt

24 nov 2009 - 12:28

Seilmakkerij De Vries fan De Lemmer is fallyt. De rjochtbank fan Ljouwert hat it fallisemint útsprutsen. Earder waard al bekend dat der grutte finansjele problemen wiene by it bedriuw. De Vries koe de salarissen fan de tolve wurknimmers net mear betelje.

Eigner De Vries sei earder dat der mooglikheden binne foar in trochstart. Der is no in kurator oansteld, dy't besjen moat oft soks yndied in mooglikheid is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)