Boek oer skiednis Snits

24 nov 2009 - 10:01

De Stichting Historia Snekensis wol mei in boek komme oer de folsleine skiednis fan Snits. Oanlieding is de oansteande gemeentlike weryndieling. De stifting wol yn it boek ek ûnderdielen opnimme oer de skiednis fan Snits dêr't noch net in soad oer bekend is.

It boek sil sa'n 350 siden telle. De totale kosten binne 137.000 euro. It Gebietsplatfoarm Súdwest-Fryslân hat Deputearre Steaten advisearre om fiiftûzen euro subsydzje te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)