Bussen foar Cambuursupporters

23 nov 2009 - 21:06

It is SC Cambuur dochs noch slagge om genôch bussen te regeljen foar it ferfier fan supporters nei de útwedstriid tsjin FC Zwolle. Fan tiisdei ôf kinne de Cambuursupporters kaartsjes foar in buskomby keapje.

It wie dreech om bussen te regeljen, omdat de Fryske busbedriuwen net mear mei Cambuursupporters ride wolle. De bussen komme no út Grinslân. Moandei ûnstie, nei in oprop op Hyves, grutte ûndúdlikheid by de supporters oer it ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)