Boeren Domwier hast ûnberikber

23 nov 2009 - 16:40

Boeren op Domwier by Wergea driigje ûnberikber te wurden. De gemeente is fan plan in breedtebeheining foar it brechje oer de Foudering yn te fieren, sadat ûnder mear it lânbouferkear der net mer oer kin. No mei alles der noch del. De gemeente komt mei it plan om't doarpsbelang klage hat oer oerlêst.

It nimmen fan in oare rûte oer de Greate Kritewei is gjin opsje. Dy dyk is ferbean foar frachtferkear. De iennige mooglikheid dy't oerbliuwt is hast acht kilometer omride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)