Mei de bus nei Swolle

Cambuur-fans dy't mei-inoar mei de bus reizgje binne wolkom by FC Zwolle
De supporterklup KVC fan Cambuur is fernuvere oer in oprop fan guon supporters om freed mei de trein nei de wedstriid tsjin FC Zwolle te gean. De oprop is op website Hyves ferstjoerd nei 5000 fans.
De play-off-wedstriid tusken Cambuur en FC Zwolle rûn ferline jier út op fernielings. Dêrnei is besletten dat dit seizoen gjin útsupporters by de wedstriden wolkom binne. Mar neffens foarsitter Cees Jansma fan KVC binne supporters mei in buskomby wol wolkom.